Dochs in natuerakkoart berikt

Natuergebiet De Rottige Meente yn Weststellingwerf
Der is dochs in natuerakkoart berikt mei de provinsjes. Steatssekretaris Henk Bleker hat ôfspraken makke mei de provinsjes dy't earder dwers leinen. Fryslân wie ien fan har. De steaten wiisden it akkoart ôf om't foars besunige wurdt op it natuerbelied. Dy besunigings binne net fan de baan. Dat ta spyt fan deputearre Kramer. Hy is wol wiis mei de nije ôfspraken dy't makke binne. Dy jouwe mear romte foar eigen natuerbelied. Tiisdei nimt it kolleezje fan deputearre steaten in beslút oer de ôfspraken. Dêrnei moatte de steaten har der noch oer bûge.