32 kandidaten foar boargemaster

17 apr 2003 - 00:00

32 kandidaten hawwe har melden by Kommissaris Ed Nijpels foar it boarge- masterskip fan Boalsert: 26 manlju en seis froulju. De funksje komt ein dit jier frij troch it fuortgean fan waar- nimmend boargemaster Marten Koopmans.

Fan de sollisitanten binne der 13 lid fan de VVD, sân fan it CDA en seis fan de PvdA. Trije binne lid fan D66, ien is lid fan GrienLinks en ien is FNP-er. Nijpels makket de kommende wiken in se- leksje. 6 oant 8 minsken bliuwe dan oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)