Fryske Gea prikt aaien

09 feb 2012 - 22:10

Natuerorganisaasje It Fryske Gea sil dizze maitiid yn 15 fan syn gebieten guozze-aaien prikke. Troch in gat yn it aai te prikken, komt it net út. Sa wol It Gea de groei fan de guozzepopulaasje yn de stringen hâlde.

De grutte kloften fûgels soargje foar skea op boerelân en foarmje dêrtroch al jierren in probleem. It Fryske Gea wol se net ôfsjitte of fange. Dat soe de natuer te bot fersteure en it soe It Gea ek yn problemen bringe by de achterban.

Foar it aaiprikken docht de natuerorganisaasje in berop op frijwilligers, omdat de ferwachting is dat it in soad wurk is. Guozzenêsten binne faak min te berikken en dêrtroch kostet it aaiprikken in soad tiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)