Net op iis Van Harinxmakanaal!

De iiswegesintrale Harns warskôget reedriders mei klam om net oer it iis fan it Van Harinxmakanaal te gean, want dat is libbensgefaarlik. De saak is wol ôfsetten, mar minsken negeare de warskôgings. Foarsitter Mijering fan de iiswegesintrale makket him grutte soargen oer it ûnferantwurdlike gedrach fan de riders. Der leit neffens him fierstente min iis om fertroud oerhinne te kinnen.
Reedriders kinne oer de doarren fan it Van Harinxmakanaal nei de oare kant komme en dan fierder ride yn de rjochting fan Winaam en Frjentsjer.