Sedesaak: trije jier sel easke

09 feb 2012 - 19:30

Tsjin de fertochte (27) yn de sedesaak Harns is tongersdei trije jier sel easke, wêrfan in healjier ûnder betingst. De man hat ûntuchtich hannele mei acht jonges tusken de acht en sechstjin jier. Hy liet se by him thús komme. Dêr moasten se op syn liif stean en in 'aginda' ôfwurkje: fia de búk, skonken en earms nei it geslachtsdiel fan de fertochte. Hy makke dêr films en foto's fan.

De man seach it sels net as misbrûk mar tinkt dêr yntusken oars oer, sei er op de sitting. De rjochter docht oer twa wike útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)