Lektor Frysk en meartaligens

Alex Riemersma fan Ljouwert is tongersdei op de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert ynstallearre as de earste lektor Frysk en meartalichheid. Riemersma sil as lektor ûndersyk dwaan op it mêd fan meartaligens. Hy sil ek oan de slach mei it ûntwikkeljen fan in nije ynternasjonale universitêre masterstúdzje op it terrein.
Foarsitter Willem Smink fan it kolleezje fan bestjoer fan de NHL fynt meartalichheid nijsgjirrich. Wa't meartalich is, kin better abstrakt tinke, seit er. De NHL wol him dêrom mear spesjalisearje op it ûnderwerp meartaligens.