Crowdfunding Fryske Keunst

Crowdfunding, jild ophelje by it publyk, nimt ta en foar Fryske keunstners wurdt it ek nochris makliker. Sûnt tongersdei kinne sy de nije crowdfundingwebside 'Voor de Kunst' brûke. De site is in inisjatyf fan Keunstwurk. Fryske keunstners kinne op de side reklame meitsje foar harren projekt. Tryater makket der al gebrûk fan foar de produksje IIskeninginne.
Lanlik blykt dat 75% fan de projekten op de webside www.voordekunst.nl slagje. Der is ferline jier sa'n 3.5 miljoen euro ophelle.