'Gjin A foar Boalsert'

23 jan 2014 - 11:21

De famylje Meeter sil net sile mei de A fan Akkrum yn it seil. Dat is de reaksje fan de Meeters op it foarstel fan it SKS-bestjoer. Dat fynt dat it skûtsje fan de Meeters wol foar Akkrum útkomme kin, it wenplak fan de Meeters. Woansdei makken skipper Pieter Meeter en eigener Eildert Meeter bekend dat se ôf wolle fan de namme Boalsert. Neffens de Meeters is der net genôch bining mei dy stêd.

It SKS-bestjoer fynt it wol wichtich dat it skûtsje foar in plak útkomt, omdat de striid tusken doarpen en stêden krekt oantreklik is foar it publyk.

Pieter Meeter wol syn eigen namme, PM yn it syl hawwe, en de namme fan de thúshaven achterop it skûtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)