Ljouwerter oanhâlden yn Wergea

In 27-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan woansdei op tongersdei oanhâlden foar earnstige bedriging fan syn eks-freondinne. De man waard yn Wergea oantroffen yn syn auto. Om't de fertochte mooglik in fjoerwapen hie giene de plysjes foarsichtich te wurk. De fertochte en syn byrider moasten út de auto komme en waarden fûillearre. Der is gjin wapen fûn. De fertochte is meinaam nei it buro yn Ljouwert en sit fêst foar neier ûndersyk. De passazjier hat neat mei de mishanneling te krijen en mocht it buro fuort wer ferlitte.