Fjirde Schmallenberggefal

09 feb 2012 - 15:26

Der is opnij in besmetting mei it Schmallenbergfirus fûn yn Fryslân. It giet dit kear om in bedriuw yn Burchwert. Dat is dêrmei it fjirde bedriuw yn Fryslân dêr't it firus foarkomt. Earder waard it konstatearre yn Wynjewâld, Wûns en De Hoeve.

Yn alle gefallen giet it om besmetting fan skiep. Dy lamje troch it firus misfoarme lamkes. Der wurdt op dit stuit ek noch ûndersyk dien nei in tal mooglike besmettings. It giet dêrby neist skiep ek om kij en geiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)