LDODK ferliest dik by PKC

Trainer Jan Sjoerd Pool jout oanwizings © awfoto.nl
LDODK koe it woansdeitejûn yn de kuorbal league lang net oprêde tsjin regearend lânskampioen PKC. Yn Papendrecht waard it 34-20 foar de thúsploech. Oant 4-4 hie LDODK sicht op in goed resultaat. Doe't PKC yn ien kear útrûn fan 9-7 nei 15-7 wie it ferskil makke en de wedstriid eins al spile. Healwei stie it 19-11. Benammen de oanfallende ôffang wie by PKC folle better. Sadwaande koe de ploech faker oanlizze foar it skot. It ôfrûne wykein wûn PKC yn de eigen sporthal de Europacup, dêrom waard de wedstriid tsjin LDODK woansdeitejûn spile.
Sneontejûn yn sporthal Koartsweagen op 'e Gordyk spilet LDODK tsjin Dalto.