Soldaten fan Harns oant Snits

22 jan 2014 - 22:10

In lytse twatûzen militêren besette fan heal febrewaris ôf 10 dagen lang grutte parten fan Fryslân. Se binne fan de 43-ste Mechanische Brigade fan Havelte en dogge mei oan in grutte oefening. Dy wurdt hâlden yn in gebiet dat him útstrekt fan Harns oant Drachten. Der wurdt in senario útspile, en hjirby komme de soldaten yn oanrekking mei ynwenners fan Fryslân. By de oefening docht ek in CV90 mei, in soart tank. It sil foar it earst wêze dat dit foertúch op de dyk brûkt wurdt.

Mocht der in 11-stêdetocht komme, giet de oefening net troch. De militêren sille dan nei alle gedachten ynset wurde om te helpen by de tocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)