'Boalsert wurdt Akkrum'

It skûtsje fan Boalsert sil tenei fierder ûnder de flagge fan Akkrum. Dat wol it bestjoer fan de SKS en neffens foarsitter De Jong binne de earste petearen mei de famylje Meeter dêroer goed ferrûn. Woansdei makken skipper Pieter Meeter en skûtsje-eigener Eldert Meeter bekend dat se per direkt ôf wolle fan de namme Boalsert. Neffens de Meeters is der net genôch bining mei dy stêd. En dy bining is der wol mei Akkrum.
Dêr wenje en wurkje se en sadwaande leit it neffens De Jong foar de hân om foar Akkrum te kiezen.
Om ûnder de namme Meeter mei te dwaan is neffens it bestjoer net winsklik. In diel fan de oantrekkingskrêft fan it skûtsjesilen is de striid tusken de doarpen en stêden.