Kuier tsjin gaswinning

22 jan 2014 - 19:56
  • Under de parsekonferinsje wie it ûnrêstich yn Loppersum

In groepke Friezen komt yn aksje tsjin de gaswinning yn Grinslân. It plan is om in kuier te organisearen fan it treinstasjon fan Akkrum nei it gasferdielstasjon by Aldeboarn. De organisatoaren wolle hjirmei harren solidariteit mei de Grinslanners sjen litte.

De kuier is goed fiif kilometer, en neffens organisator Kerst Huisman is it mooglik dat oare minsken meirinne. Under oare FNP Steatelid Sybren Posthumus hat op twitter in oprop dien foar mear dielnimmers.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)