PS: gjin aksje tsjin Vitens

De provinsje hoecht gjin druk út te oefenjen op wetterbedriuw Vitens om de gearwurking mei it Israëlyske bedriuw Mekorot troch te setten. De mearderheid fan provinsjale steaten stipet it útstel fan de ChristenUnie net. Vitens hat de gearwurking mei Mekorot opsein nei protesten tsjin it beneidielen fan Palestynske gebieten by de distribúsje fan drinkwetter.
De ChristenUnie fynt dat dit net kin en wol dat deputearre Jannewietske de Vries dit oan de kaak stelt by Vitens. Fryslân is mei 13 prosint grutoandielhâlder fan it wetterbedriuw.
Allinne CDA, VVD en PVV stypje de ChristenUnie.