Nij Beets bliid mei útspraak

Doarpsbelang Nij Beets is út de skroeven no't it Polderhoofdkanaal definityf wer befarber makke wurde mei. De weriepening fan it kanaal sil foar in grutte ekonoamyske ympuls soargje, ferwachtet Anko Postma fan Doarpsbelang. De Ried fan Steat hat woansdei ûntheffing jûn fan de floara- en faunawet foar beskerme bisten. Tsjinstanners hawwe goed sân jier striden tsjin de weriepeningfan it kanaal tusken Nij Beets en De Feanhoop.
Advokaat Gina Kamsma is minder bliid mei de útspraak. Se fertsjinwurdiget de tsjinstanners fan de weriepening fan it Polderhoofdkanaal.