Nije kolleezje Ljouwert

22 jan 2014 - 14:43

As lêste fan de trije weryndielingsgemeenten presintearre de gemeente Ljouwert woansdei it nije kolleezje. Heal novimber wiene dêr al ferkiezings yn ferbân mei it opdielen fan Boarnsterhim. It nije kolleezje wurdt foarme troch PvdA, CDA en GrienLinks. Der komme seis wethâlders. Twa fan har binne nij: PvdA'er Sjoerd Feitsma en CDA'er Harry van der Molen.

It biedwurd fan it nije kolleezje is: Ljouwert is elkenien. Mei help fan elkenien moat de gemeente finansjeel sûn bliuwe. Sa wurdt de kommende fjouwer jier struktureel 10 miljoen euro besunigje. In oar doel is om minsken oan in baan te helpen. Tûzen nije banen moatte der de kommende fjouwer by. De nijkommelingen Harry van der Molen giet ûnder oare oer de doarpen en Sjoerd Feitsma krijt finânsjes en kultuer. It kommende jier stiet benammen yn it ramt fan de tariedings op de ekstra taken dy't de gemeente der by krijt, lykas de útfiering fan de jeugdsoarch. Ek wurdt ynset op earmoedebestriding.

Trefwurden: 
Ljouwert kolleezje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)