Lekkaazje troch himpkwekerij

Himp © ANP XTRA
Yn in flat oan de Abeelstrjitte yn Ljouwert is tiisdeitejûn wetteroerlêst ûntstien as gefolch fan in himpkwekerij. By it ûntmanteljen fan de kwekerij is nei alle gedachten in wetterlieding stikken gien. Neidat mei help fan de plysje de doar fan de flat iepenmakke wie, die bliken dat der al in pear sintimeter wetter yn de flat stie. Ek yn de meterkast stie wetter. Dat soarge foar in brângefaarlike situaasje, om't de stroom yllegaal ôftape waard. De plysje docht ûndersyk nei de hierder fan de wenning.