Oerol kin Westerkeyn wol brûke

Westerkeynterrein op Skylge © ANP
Oerol kin dit jier dochs noch gebrûk meitsje fan it festivalterrein Westerkeyn. It slagget de eigener net om de plannen dy't er mei it terrein hat op koarte termyn te realisearjen. Hy hat dêrom it Skylger festival witte litten dat se it terrein dizze simmer noch brûke meie. It festival docht dat graach, om't der dan ek mear tiid is om in ferfangende lokaasje te regeljen.