Loftmacht oefenet op Flyhors

De ferkearstoer op de Flyhors waard ûnder fjoer nommen © Ministerie van defensie
De loftmacht oefenet fan kommende moandei ôf mei bommen op de Flyhors op Flylân. It giet om 500-pûners, dêr't 46 fan ôfsmiten wurde. Dat wurdt moarns en yn de neimiddei dien. De Flyhors is ûnder de oefening sletten foar publyk. Dy oefening duorret oant en mei nije wike freed. De loftmacht rjochtet nije wike mjitpunten yn op Teksel, om 'e gaten te hâlden oft de oefening net tefolle leven makket.