Aksje tsjin útsetting famke

Jongeren op Skylge komme yn aksje om it famke Dea Tsutskhashvili op it eilân te hâlden. De 12-jierrige Dea en har famylje ha fan de IND in brief krigen dat se werom moatte nei Geörgië. Dat is it bertelân fan har âlden, mar Dea en har broer Sandro binne yn Nederlân berne. De klasgenoaten fan Dea fine dat se dêrom gewoan op Skylge bliuwe moat.
Yntusken hat in advokaat beswier makke tsjin it útwizen, de famylje mei no foarearst yn Nederlân de útslach ôfwachtsje.