Opnij beswier gunning Thialf

22 jan 2014 - 08:23

Ek it konsortium fan de Fryske boubedriuwen Friso en Van Wijnen tekenet offisjeel beswier oan tsjin de oanbesteging fan de ferbou fan Thialf. It konsortium einige by de oanbesteging op it fjirde plak. De bedriuwen komme benammen mei it beswier omdat se fine dat de ferbou oan in Frysk bedriuw gund wurde moat, sadat de wurkgelegenheid yn Fryslân bliuwt.

Tiisdei waard al bekend dat ek it konsortium Dijkstra Draisma en Jorritsma him ferset tsjin de gunning oan Ballast Nedam.

In mearderheid fan de Steaten fynt it goed dat de Fryske bouwers it beslút fan de gunning fan it nije iistadion Thialf oanfjochtsje foar de rjochter. Neffens koalysjepartij CDA kin dan goed helder wurde oft alles wol ferrûn is neffens de stelde regels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)