Utspraak oer Polderhoofdkanaal

22 jan 2014 - 07:59
  • It Polderhoofdkanaal by Nij Beets

De Ried fan Steat yn Den Haach docht woansdeitemoarn útspraak yn de saak fan it Polderhoofdkanaal. It giet om in ûntheffing fan de floara- en faunawet foar in trijetal beskerme bistjes. De gemeente Opsterlân hat de ûntheffing nedich om it Polderhoofdkanaal befarber te meitsjen. Twa ynwenners fan Nij Beets hawwe beswier tsjin de ûntheffing makke.

De útspraak fan de Ried fan Steat is de finale-útspraak. As de ûntheffing ferliend wurdt, kin de oanlis fan it Polderhoofdkanaal útfierd wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)