Nije tips oerfal Ketlik

22 jan 2014 - 06:05
  • In komposysjefoto fan de oerfaller

De plysje hat fiif nije tips krigen oer in wapene oerfal op in hûs yn Ketlik. De bewenner steurde de oerfaller by in ynbraak op 24 desimber. Dy oerfaller drige dêrnei mei in fjoerwapen en easke jild fan de bewenner. Der ûntstie in fjochtpartij en úteinlik naaide de oerfaller út, sûnder wat mei te nimmen.

Televyzjeprogramma Opsporing Verzocht joech tiisdeitejûn omtinken oan de saak. Dêrby waard ek in tekening fan de oerfaller sjen litten. Neffens de plysje gean de nije tips benammen oer it sinjalemint fan de dieder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)