Skier: gjin feroarings wenten

21 jan 2014 - 21:00
  • Skiermûntseach

It kolleezje fan b. en w. fan Skiermûntseach wol net meiwurkje oan it omsetten fan in wente foar permaninte bewenning nei in rekreaasjewente. De eigener hat in nij hûs bouwe litten, mar rekket it âlde net kwyt. No kin er de dûbele lêsten net mear opbringe. In rekreaasjewente ferkeapet makliker.

De gemeenteried wol him temjitte komme en is it dus net iens mei it kolleezje. Wethâlder Korendijk is lykwols benaud dat mear minsken sa'n omsetting wolle en dan krijt it eilân in spoekdoarp yn de winter. Hy wol gjin presedint skeppe.

De saak komt op 28 jannewaris oan de oarder yn de gemeenteried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)