Utspraak EVT op 30 jannewaris

21 jan 2014 - 20:50

It gerjochtshof yn Den Haach docht op 30 jannewaris útspraak yn it heger berop fan de EVT. De rederij hat it spoedappel oanspand omdat steatssiktaris Mansveld yn oktober besletten hat dat de rederij net mear op Skylge farre mei.

De steatssiktaris fynt dat de EVT foar tefolle konkurrinsje foar rederij Doeksen soarget. De EVT stapte nei de rjochtbank om it beslút fan de steatssiktaris fan tafel te krijen mar krige dêryn net gelyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)