Priis foar Nivo Noord
Skjinmakkersbedriuw Nivo Noord út Ljouwert hat de Best Practice Award wûn. Dizze priis wurdt alle jierren útrikt troch de Code Verantwoordelijk Marktgedrag. De nominearden, dit jier wienen dat fjouwer bedriuwen, waarden beoardiele op opleidings en fakmanskip.
Neffens de sjuery stekt Nivo Noord, dat sûnt 2012 in eigen Nivo Akademy hat, in soad jild en tiid yn de opleidings fan harren wurknimmers. De oare kandidaten foar de priis wienen Asito Medical, CSU en Caparis en GOM Schoonhouden.