Juweliersketen Siebel fallyt

21 jan 2014 - 19:56

Juweliersketen Siebel is tiisdei offisjeel fallyt ferklearre troch de rjochtbank. Siebel hie ferline wike per direkt alle 36 winkels en de webshop al sletten. Yn Fryslân hat Siebel in festiging oan de Wurdumerdyk yn Ljouwert.

Der wurkje neffens it fakbûn FNV sa'n 170 minsken by de juweliersketen. De keten bestie yn 2012 hûndert jier en krige ferline jier it predikaat Keninklik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)