NIje kampanje foar marboeien

Der is goed gebrûk makke fan de 25 marboeien dy't rekreaasjeklup de Marrekrite ferline jier op ferskate plakken dellein hat yn wettersportgebieten. Mar der binne wol oanwizings dat benammen wettersporters dy't allinnich yn Fryslân farre net sa goed witte wat sy der mei oan moatte.
Bûten Fryslân wurdt dit systeem al mear brûkt. Dit jier wurdt der opnij kampanje fierd om no eltsenien dúdlik te meitsjen dat de marboeien der echt binne om oan te lizzen.