Kasino: gjin nije ûntslaggen
It is net de ferwachting dat de nije ûntslaggen by Holland Casino yn Ljouwert falle, seit FNV Bondgenoten. De Ljouwerter festiging is lyts, en dêrtroch is de kâns net grut dat der noch mear ynkrompen wurdt. It kasino makke moandei bekend dat se nochris 150 oant 200 banen skrasse sille, boppe-op de mear as 300 banen dy't se earder skrast hawwe.
It kasino docht dit om't it bedriuw der finansjeel min foar stiet. It fakbûn wol lykwols neat fan ûntslaggen wite. It fakbûn sjocht foar de langere termyn goeie mooglikheden foar de kasino's.
It FNV giet sadwaande foarearst net akkoart mei it plan fan Holland Casino.