LifeLines sil poep ûndersykje

21 jan 2014 - 16:37

Dielnimmers oan it grutte LifeLines-ûndersyk yn Fryslân, Grinslân en Drinte wurdt frege om poep yn te leverjen. Mei-inoar dogge yn de trije noardlike provinsjes 165.000 minsken frijwillich mei oan dit ûndersyk, dat dúdlikheid jaan moat oer de fraach hoe't je sûn âlder wurde kinne.

It ynleverjen fan poep makket diel út fan de twadde ûndersyksfaze. Dit part fan it ûndersyk helpt ûndersikers oan kennis oer wat minsken ite. Ek nij yn dizze faze is in saneamde springproef. Hoe heech minsken springe kinne, seit wat oer de krêft fan de spieren.

As lêste nije ûndersyksmetoade wurdt sjoen nei it hier fan minsken. Dêrmei kinne ûndersikers in moanne werom sjen wylst je bygelyks mei bloed allinnich wat sizze kinne oer de situaasje op it momint dat minsken bloed jûn ha. It LifeLines-ûndersyk duorret mar leafst 30 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)