Drachtster hâldt fandalen oan

21 jan 2014 - 14:51
  • Plysje arrestaasje/oanhâlding

In alerte Drachtster hat moandeitejûn twa jonges fan 15 en 16 jier út Drachten oanhâlden fanwege fernielings oan ferskate auto's. De tsjûge seach hoe't de jonges in autospegel fernielden oan de Blauferversregel yn syn wenplak en hold beide jonges oan. Doe't de plysje kaam, troffen se in spoar fan fernielings oan by ferskate auto's. De jonges waarden meinommen nei it plysjeburo.

Dupearre eigeners moatte noch oanjefte dwaan. De plysje siket út oft it twatal ek ferantwurdlik is foar oare fernielings yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)