Op syk nei oerfaller Ketlik

De plysje is op syk nei in oerfaller dy't op 24 desimber yn in wenning yn Ketlik ynbrutsten hat. De ynbrekker waard lykwols trapearre troch ien fan de bewenners. De man hie in fjoerwapen by him en easke in jildbedrach. Der ûntstie in wrakseling wêrnei't de oerfaller yn in auto útnaaide. Hy hat neat meinommen. De saak komt tiisdei yn Opsporing Verzocht.
Boarnen sizze dat it slachtoffer as offisier fan justysje by it Iepenbier Ministearje wurket. Oft dat mei de ynbraak te krijen hat wol de plysje net sizze.
Yn it tillevyzjeprogramma sil ek in komposysjefoto toand wurde fan de dieder, dy't nei alle gedachten tusken de 45 en 60 jier is.