Lippenhuzen: man botst op beam

21 jan 2014 - 12:29

By in ûngelok op de Sweachsterwei by Lippenhuzen is tiisdeitemoarn in 29-jierrige man út Wapserveen slim ferwûne rekke. De man rekke troch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt en botste mei syn auto tsjin in beam.

It slachtoffer moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Hy is nei it UMCG yn Grins brocht. De dyk wie in skoft ôfset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)