CU: wol gearwurkje mei Israel

21 jan 2014 - 11:55

De ChristenUnie wol dat de provinsje druk útoefenet op wetterbedriuw Vitens om de gearwurking mei it Israelyske Mekorot troch te setten. Woansdei prate Provinsjale Steaten oer de saak. Vitens hat de gearwurking mei Mekorot opsein nei protesten tsjin it beneidielen fan Palestynske gebieten by de distribúsje fan drinkwetter.

Israel is it perfoarst ûniens mei it beslút fan Vitens. De provinsje Fryslân is mei 13 prosint grutoandielhâlder fan it wetterbedriuw. De ChristenUnie komt woansdei mei in moasje oer de saak. VVD en CDA stypje de moasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)