Superskoalle is altyd iepen

De kristlike basisûnderwiisgroep De Tjongerwerven hat plannen om twa superskoallen te bouwen yn Tsjalbert en Waskemar. It fernijende konsept fan de twa skoallen is dat der 52 wiken yn't jier op moderne wize ûnderwiis jûn wurdt oan bern tusken de oardel en 18 jier. Tjongerwerven siket foar de realisaasje fan de skoallen gearwurking mei de iepenbiere skoallen en skoallen foar fuortset ûnderwiis yn Súdeast-Fryslân.
Direkteur Harry van Malsen fan De Tjongerwerven hopet binnen no en twa jier de earste superskoalle te iepenjen.