Eksploazje yn wente It Fean

21 jan 2014 - 11:14

In eksploazje yn in appartemintekompleks op It Hearrenfean hat moandetejûn foar in soad skea soarge. Om healwei tolven hearden de bewenners fan it kompleks in lûde knal. Foardoarren waarden út de kezinen blaasd en ferskate ruten fleagen der út. Boppedat siet alles ûnder de ferve. De plysje fûn by ûndersyk in stikken blik ferve en resten fan wat nei alle gedachten fjoerwurk west hat.

De wenningbouferiening moat noch oanjefte dwaan. De krekte tadracht fan de eksploazje wurdt noch fierder ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)