Mear Grinslanner flaggen kocht

21 jan 2014 - 11:08

De Dokkumer Vlaggen Centrale hat de ôfrûne tiid in opfallend soad Grinslanner flaggen ferkocht. Yn fergeliking mei deselde perioade ferline jier giet it om tsientallen eksimplaren mear.

De flaggen binne brûkt by de demonstraasjes tsjin de gaswinning en de sluting fan aluminiumfabryk Aldel yn Delfsyl. Neffens de Vlaggencentrale binne der noch foldwaande Grinslanner flaggen op foarried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)