9 manlju pakt by himpkwekerij

De plysje hat moandei sân Ljouwerters yn de âldens fan 28 oant 46 jier, in Snitser (50) en in man sûnder fêst wenplak oanhâlden foar de hannel yn himp. Yn in bedriuwsgebou oan de Kromme Elleboog yn Meppel hienen de manlju in kwekerij mei goed 900 himpplanten. De elektrisiteit waard yllegaal ôftape.
De plysje kaam de himpkwekerij op it spoar doe't ien fan de manlju mei syn auto by it gebou weikaam. Doe't de plysje it kenteken kontrolearre die bliken dat de man noch tal fan boetes iepenstean hie. Ut de auto kaam boppedat in sterke himpgeur.
Dat wie oanlieding foar de plysje om mar ris yn it pân te sjen, dêr't se de kwekerij ûntdutsen. Alle fertochten sitte noch fêst foar fierder ûndersyk. De himp, de apparatuer en de auto binne yn beslach nommen. Tsjin alle fertochten is proses-ferbaal opmakke.