Renovaasje Brandaris los

21 jan 2014 - 07:50
  • Wurklju binne drok dwaande mei de renovaasje fan de Brandaris
  • It bakje fan de oannimmer njonken de Brandaris
  • Utsjoch fanôf de Brandaris moarns betiid
  • It bouplak oan de foet fan de Brandaris fan boppe

Friso Bouwgroep út Snits is tiisdeimoarn op Skylge útein set mei de renovaasje fan fjoertoer de Brandaris. Mei in grutte kraan sil der in steiger nei boppe ta takele wurde, dy't oan de fjoertoer komt te hingjen. Sa kinne de wurklju oan de slach mei it reparearjen fan skuorren yn it mitselwurk, it ferfangen fan de kezinen en de dakbedekking en it skilderjen fan it hekwurk. De steiger sil trije wike lang op 50 meter hichte hingje.

Yn desimber ferline jier is Friso Bouwgroep yn opdracht fan Rykswettersteat begûn mei de grutskalige renovaasje.

De oplevering fan de fjoertoer stiet pland foar april dit jier. Oant dy tiid sitte de ferkearslieders yn in tydlik ûnderkommen yn de dunen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)