Doek falt foar korps Sint Nyk

21 jan 2014 - 07:36

It doek falt foar muzykferiening De Harmonie fan Sint Nyk. Der binne noch mar 18 leden en dat is net genôch om de klank fan in harmonykorps te krijen. De feriening hat der alles oan dien om op skoallen en yn it doarp leden binnen te heljen, mar dat is net slagge.

De leden ha op 17 jannewaris de stekker út de feriening lutsen. Sint Nyk ferliest dêrmei syn korps, dat 105 jier bestien hat en yn 2009 noch de Keninklike Penning krige. Mei de korpsen yn de omlizzende doarpen yn de omjouwing giet it noch wol goed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)