Treastgebakjes: It kin net
Yn stee fan feestlik gebak ta gelegenheid fan de sechstjinde Alvestêdetocht hat bakker Schuurmans yn Ljouwert treastgebakjes makke. Schuurmans fynt dat wy as Friezen sa hurd wurke ha om de tocht mooglik te meitsjen, dat we wol wat lekkers fertsjinne hawwe.
De treastgebakjes binne stikjes oranjekoeke mei de tekst 'It kin net'.