'Ljouwerterhim bettere namme'

21 jan 2014 - 06:55

In groep ynwenners fan Jirnsum fynt dat de gemeente Ljouwert de namme Ljouwerterhim krije moat. Dy namme docht neffens Jirnsumers mear rjocht oan de nije gemeente, dy't ûnstien is troch de weryndieling fan Boarnsterhim-Noard mei Ljouwert.

De ynwenners steure har der oan dat de gemeente Ljouwert op alle plaknammebuorden mei de namme Boarnsterhim al in sticker mei Ljouwert plakt hat. De nije gemeenteried hat nammentlik noch gjin offisjeel beslút nommen oer de nije gemeentenamme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)