De Jong hast 'offisjeel' coach

21 jan 2014 - 06:29

Assistint-trainer Henk de Jong fan Cambuur mei him ynkoarten offisjeel 'Coach betaald voetbal' neame. De Jong folget de kursus coach betelle fuotbal. Yn it ramt fan dizze kursus waard hy moandei by de oefenwedstriid tusken de beloften fan Cambuur en de beloften fan Go Ahead Eagles beoardiele troch KNVB-oplieder Wim van Zwam. De Jong hat noch in pear kursussen te gean en dan hat er de papieren binnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)