Learlingen op wiskundereis

Seis learlingen fan it Liudger Kolleezje yn Drachten sette tiisdei ôf nei Liverpool om mei te dwaan oan in ynternasjonaal wiskundeprojekt. Dêr dogge ek learlingen út Dútslân, België en Ingelân oan mei. It seminar wurdt foar de tsiende kear holden en is bedoeld om bûtenlânske learlingen mei mekoar yn kontakt te bringen.
Der hienen har 20 learlingen opjûn foar Liverpool en nei in seleksjeproseduere bleaunen der seis oer. Der moatte yn groepkes yngewikkelde fraachstikken oplost wurde, dy't dan yn it Ingelsk oan de oaren presintearre wurde.