Romme winst Jong Hearrenfean

Szabolcs Varga © SC Hearrenfean
Jong Hearrenfean hat de earste kompetysjewedstriid nei de winterstop mei 7-2 wûn fan Jong FC Dordrecht. Op it keunstgers fan it Dordrecht stadion wie it healwei al 3-1 foar de Feansters. Daley Sinkgraven, Joost van Aken en debutant Szabolcs Varga wiene de doelpuntemakkers. Yn de twadde helte wreiden Rajiv van La Parra (2), Yanic Wildschut en Samir Fazli de skoare fierder út. Nei dizze maklike oerwinning stiet Jong Hearrenfean op it fjirde plak yn de beloftekompetysje.