Sykaksje Skylger fermiste frou

Ans Ament wurdt fermist
Op Skylge wurdt manmachtich socht nei de 82-jierrige Ans Ament. De deminte frou is moandeitemiddei foar it lêst sjoen yn Lies. Meiwurkers fan Steatsboskbehear, de KNRM, de brânwacht en in helikopter fan definsje speure it eilân ôf. Der is ek in Boargernetoprop dien.
Ans Ament is 1,65 meter lang en hat griis hier. Se hat in lange jas oan mei in bontkraach op de kapusjon.