Heldoorn nei Dantumadiel

20 jan 2014 - 20:23

Sicko Heldoorn is beneamd ta waarnimmend boargemaster fan de gemeente Dantumadiel. De PvdA'er Heldoorn is de opfolger fan Arie Aalberts. Dy is krekt beneamd ta waarnimmer yn de gemeente De Fryske Marren. Heldoorn wie oant july ferline jier boargemaster fan Assen. Hy waard nei syn earste termyn fan seis jier net opnij beneamd. Dêrfoar wie er boargemaster fan Opsterlân en deputearre.

Hoelang't Heldoorn waarnimmer bliuwt, is net dúdlik. Kommissaris fan de Kening Jorritsma wol earst dúdlikens hawwe oer in weryndieling yn Noardeast-Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)