Dakleazen kontrolearje op tbc

Bewenners fan de dak- en thúsleaze-opfang yn Ljouwert wurde yn de takomst mooglik geregeld kontrolearre op tbc. Zienn, de organisaasje achter de opfang, wol sa in nije útbraak fan de sykte tefoaren komme. Ferline jier simmer waard by in swalker yn Ljouwert tbc konstatearre. Hy hie in iepen foarm fan de sykte, wêrtroch't er ferskate minsken yn syn omjouwing besmette.
Foarhinne waarden dak- en thúsleazen alle jierren kontrolearre op tbc, mar op dit stuit bart dat net mear. Se soene net mear yn de risikogroep sitte.