Stellen fyts helper weromfûn

20 jan 2014 - 16:05

De fyts fan in helpferliener dy't sneontejûn stellen waard by it ûngemak op it Suderplein yn Ljouwert is weromfûn. De 25-jierrige man joech earste help oan in pizzakoerier dy't troch in bestelbus oanriden wie. Doe't er nei dy tiid syn fyts socht, die bliken dat dy poater wie.

De plysje meldt dat in oplettende tsjûge de fyts yn in tún oan de Bleekleane yn Ljouwert stean seach. Nei ûndersyk die bliken dat it yndie om de stellen fyts fan de helpferliener gie. De frou dy't de fyts meinommen hat, wurdt ynkoarten heard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)